Gaslek yn Drachten, part fan Zonnedauw ôfsletten

© De Vries Media
In part fan de Zonnedauw yn Drachten is op dit stuit ôfsletten fanwege in gaslek. By wurksumheden waard nei alle gedachten in gaslieding rekke. De brânwacht fan Oerterp is útriden nei it plak en docht mjittings. Der soe relatyf in protte gas frijkomme en it is noch net krekt dúdlik wêr't it lek sit. Behearder Liander komt nei de Zonnedauw om it lek te reparearjen.