Aldheidskeamer Weststellingwerf liket foarearst rêden

De âldheidskeamer fan Weststellingwerf © Oudheidskamer Weststellingwerf
It like derop dat it oer wie mei de Aldheidskeamer Weststellingwerf, mar de definitive ein is noch efkes útsteld. Donaasjes fan it bedriuwslibben moatte de begrutting yn lykwicht hâlde, no't de gemeente gjin subsydzje mear jout. Mar dy donaasjes moatte der wol earst komme. Yn in spesjale gearkomste hawwe de leden fan de âldheidskeamer tsjin it bestjoer sein dat de ophâlde wolle.
As it net slagget om genôch sponsorjild binnen te heljen, moat de feriening sliepend fierder. De leden wolle dan wol graach it behear oer de kolleksje hâlde. As dat ek net mooglik is, dan hâldt de feriening der hielendal mei op. De kolleksje soe dan oergean nei de gemeente.