B en W Ljouwert: alle hoareka deselde slutingstiden

Hoarekabedriuwen yn it sintrum fan Ljouwert hâlde deselde slutingstiden as no. Dat wolle alteast boargemaster en wethâlders. It kolleezje hat dat yn de nije Algemiene Pleatslike Feroardening set dy't ynkoarten troch de gemeenteried oannommen wurde moat.
Trije en fiif oere
Ferline jier wiene der noch plannen om hoarekasaken oan it Ruterskertier, it Saailân en it stasjonsgebiet oant fiif oere iepen te hâlden. De oaren soene dan earder ticht moatte. Net mear om fiif oere, mar al om trije oere. Dan giet it begylyks om kafees yn de Grutte Heechstrjitte en de Iewâl. Nei fûle protesten út de hoarekawrâld komme B en W werom op dy maatregel. Se lûke no ien line:alle hoareka yn it sitrum deselde slutingstiden.
De gemeenteried sil noch foar de simmer oer it nije hoarekabelied stimme.