Oarsaak brân Trije Hûs bliuwt noch in riedsel

It is noch lang net dúdlik wat no krekt de brân feroarsake hat by restaurant Trije Hûs by Grou. Dat seit sjefkok René Vaartjes fan it restaurant. Hy wie ôfrûne freedtemoarn oan it wurk yn de keuken en wie al begûn mei de tariedingen foar it wykein. Op it momint dat hy mei syn kompanjon oan de kofje soe bruts it fjoer út. Oft it no in panne op it fjoer wie of wat oars, der wie wie gjin hâlden mear oan. Binnen twa oeren wie it restaurant folslein útbaarnd. Wat oerbliuwt bin de oantinkens...