Sportklup Twizel wurdt ferfolge foar dug-out-drama

It Iepenbier Ministearje moat Sportklup Twizel ferfolgje foar it ûngefal mei de dug-out. Dat hat it gerjochtshôf woansdeitemoarn besletten. By dit ûngelok yn maaie 2014 kaam in famke om mei in kuorbaltoernoai en rekken fiif oare bern ferwûne. De ferfolging wie easke troch de âlden fan de bern, nei't it Iepenbier Ministearje earder besletten hie om net ta ferfolging oer te gean.
De sportklup wurdt ferfolge foar dea troch skuld en it tabringen fan swier lichaamlik letsel troch skuld. Ek de ferfolging fan de gemeente Achtkarspelen wie frege, mar dat is troch it hôf net tawiisd. De sportklup wol net reagearje op de ferfolging.
It Iepenbier Ministearje hat swier neilittich west om gjinien te ferfolgjen. Dat fynt advokaat Liesbeth Poortman fan de familje. Sy fynt dat it Iepenbier Ministearje de neibesteanden en slachtoffers net serieus nimt. Want, se hawwe in lang en swier gefjocht fiere moatten om fia it gerjochtshôf ôf te twingen dat der dochs noch ien ferfolge wurdt.
Der rint op it stuit noch al in saak tsjin de gemeente Achtkarspelen. Dêr is yntusken in adviseur oansteld dy't in binend advys jaan sil oer de hichte fan de skeafergoeding. Poortman ferwachtet dat dy saak gau ôfhannele wurde kin.