Baggerdepot by azc warskôget inkeld yn it Nederlânsk

De warskôging is inkeld yn it Nederlânsk © PvdA Súdwest-Fryslân
De PvdA yn Súdwest-Fryslân hat noed oer in baggerdepot yn de wenwyk Noarderhoek yn Snits. It opslachplak foar bagger leit tusken it azc en de Worp Tjaardastrjitte. By it depot stean warskôgingsbuorden, mar gjin stekken. De buordsjes binne allinnich yn it Nederlânsk, en dat wylst de measte bewenners fan it azc dy taal op it stuit noch net machtich binne. Dêr makket de partij him soargen oer, want de kâns is grut dat minsken op it baggerterrein telâne komme.
De partij hat dêrom skriftlike fragen steld oan it kolleezje oer de feiligens. In oare fraach is oft it wol echt nedich is om de bagger op dit plak op te slaan.