In soad fragen oer oanlis sinneparken yn Eaststellingwerf

© ANP
Ynwenners fan de Houtwâl yn Easterwâlde fiele harren oerfallen troch de plannen foar in sinnepark yn de buert fan harren huzen. It bedriuw GroenLeven wol dêr in sinnepark mei 23.000 panielen oanlizze. Op in kommisjegearkomste wiene in soad ynsprekkers dy't muoite mei de plannen hawwe. Se sizze dat se der neat fan wisten. En dat wylst de ferantwurdlike wethâlder seit dat elkenien in brief krige hat.
De direkt omwenners binne boppedat benaud foar lûdsoerlêst troch wyn yn de panielen, foar skittering en foar it feit dat harren huzen minder wurdich wurde mei in sinnepark njonken de doar.
Appelskea
Easterwâlde is net it iennige plak yn de gemeente dêr't de komst fan in sinnepark foar ûnienichheid soarget. Bûtenplak De Hildenberg yn Appelskea sit der ek mei. Troch in sinnepark by Appelskea kinne sy de golfbaan net útwreidzje. En boppedat binne se mei de gemeente Eaststellingwerf yn oerlis oer rekreaasjewenten. Der binne ek fragen oer in breed stik grien om it sinnepark Appelscha Hoog hinne. Dy soe earst 40 meter breed wurde, mar yn de plannen is sprake fan 25 meter.
Krappe planning
Omdat der 150 ynspraakreaksjes binne, wurdt it krap mei de planning. Fanwege subsydzjes moat foar ein april de oanlis begjinne. Njonken Appelskea en Easterwâlde wol GroenLeven ek sinneparken oanlizze by Donkerbroek en Haulerwyk. Earder al giene de plannen fan GroenLeven foar in sinnepark by Wurdum oer nei protesten fan bewenners.