Provinsje en gemeenten stekke jild yn mbo-jachtbou-akademy

Skipswerf De Vries yn Makkum © Omrop Fryslân
De Yacht Builders Academy krijt 280.000 euro subsydzje om de plannen foar mbo-jachtbou-opliedingen yn Fryslân wier te meitsjen. De jachtbou-opliedingen binne in inisjatyf fan ROC de Friese Poort en De Vries Skipsbou yn Makkum. Dy hawwe al seis jier in bedriuwsskoalle op de werf.
De nije opliedingen moatte soargje foar mear nije jachtbouwers, want dêr is grut ferlet fan. De subsydzje komt fan de provinsje Fryslân en fan de gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren.