"Gaswinning ûnder Skoatterwâld is ek net neffens de regels"

De gaswinning troch Vermilion ûnder Skoatterwâld is ek net neffens de regels en moat dêrom ophâlde. "Der is gjin goedkard winningsplan", seit wethâlder Siebenga fan de gemeente Hearrenfean. De gemeente hat ek oer de gaswinning troch Vermilion by Skoatterwâld in fraach yntsjinne by de Staatstoezicht op de Mijnen. Se wachtsje it antwurd no ôf.
Gasbedriuw Vermilion makke tiisdei bekend dat se fuortendaliks ophâlden binne mei de gaswinning by Langsweagen. It Staatstoezicht op de Mijnen hat de gaswinning by Langsweagen ferbean. As Vermillion dêrmei trochgiet, riskearje se in twangsom fan maksimaal 10 miljoen euro.
Selde arguminten
Neffens de wethâlder jilde deselde arguminten foar de winning ûnder Skoatterwâld. Sûnt de ynfiering fan de Nije Mynbouwet hawwe gemeenten in advysfunksje yn de proseduere om ta in goedkard winningsplan te kommen,