Mear ûndersyk nei deadlik ûngelok achterútridende frachtwein

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
Der moat mear ûndersyk komme nei in ûngelok fan ferline jier yn Wilhelminaoord, doe't in frachtweinsjauffeur út Fryske Peallen in âldere frou dearied. Dat hat de rjochtbank yn Assen tiisdei útmakke.
Net sjoen
De frou rûn yn febrewaris ferline jier mei har hûntsje te kuierjen, doe't se skept waard troch de frachtwein mei oanhinger. Dy ried achterút it hiem fan in kwekerij ôf. De sjauffeur seit dat er de frou net sjoen hat. Mooglik rûn it slachtoffer krekt yn de deade hoeke.
Foto's
De rjochtbank wol mei plysje en ambulânsepersoniel prate oer wat sy oantroffen hawwe op it plak fan it ûngelok, en wol ek foto's sjen.