Feriene Lofts Ljouwert driget mei Wob yn Caparis-dossier

De Ljouwerter fraksje fan Feriene Lofts wol dat it kolleezje fan b. en w. mei spoed ynformaasje oanleveret oer de gong fan saken by Caparis. As dat net bart sil de fraksje in Wob-fersyk yntsjinje. Feriene Lofts makke dat tiisdei bekend yn in brief oan de griffy fan Ljouwert. Se binne der net oer te sprekken dat it kolleezje gjin ynsjoch jout yn de kosten, juridyske prosedueres en bemiddeling omtrint de problemen by Caparis feline jier.
Ferantwurdlikheid ôflizze
Neffens fraksjefoarsitter Jan van Olffen hat it kolleezje fierstente min ynformaasje jûn oer de gong fan saken en kin de ried dêrom gjin kontrolearjende taak útfiere. In Wob-fersyk troch riedsleden is net gewoanlik, mar kin wol. Van Olffen fynt dat de wethâlders ferantwurdlikheid ôflizze moatte foar eventuele flaters dy't se makke hawwe.
Ek yn oare Caparis gemeenten is net elkenien te sprekken oer de iepenheid fan de bestjoerders. Jan van Olffen ropt de GR rieden (de mienskiplike regeling fan de acht Caparisgemeenten) op mei mekoar op te lûken om de iepenheid en transparânsje oer Caparis werom te krijen.
Wob
Wob stiet foar 'Wet openbaar bestuur' en yn dizze wet is regele wat de oerheid yn iepenberens dwaan moat en wat net. Troch in Wob kin ôftwongen wurde om ynformaasje boppe tafel te krijen.