Kollum: "It Sirkus fan de Farizeeërs"

"Twa jier lyn sei ik op dit plak: doch der net oan mei. Traapje der net yn. Hy wurdt alle jierren opnij ferret. Mar it blykt in net te kearen fenomeen, it gegeven dat as in stêd ienris Het Glazen Huis hân hat, dat The Passion der hast automatysk achteroan komt.
En no is it safier. Tongersdei wurdt Ljouwert Nij Jeruzalem. Dêrta hat de gemeente in ton op it kleed lein, krekt as de provinsje. Twa ton foar in evangelisaasjeprojekt fan de EO. De omrop trouwens dy’t kopulearjende bisten út natuerdokumintêres knipt, mar der net foar tebek skrillet om as Farizeeërs 2.0 it barren dat it kristendom syn betsjutting jout skamteleas kommersjeel út te buitsjen.
Mar ho, ho, sille de gemeente en de provinsje sizze, wy stypje gjin evangelisaasjeprojekt, mar wy benutsje in publisitêre kâns. Sa stie it oars ek wurdlik yn de krante. Citymarketing oer de rêch fan Jezus, mei oare wurden. In opmaat foar Kulturele Haadstêd 2018. Dat mei wat kostje. Dus sjogge in pear miljoen minsken tongersdei hoe’t in pleksyglêzen krús fan 220 kilo mei ljochtsjes troch de binnenstêd tôge wurdt, tasongen troch in nust BN’ers en ien BF’er. Dy BF’er is Us Maria, Elske deWall. Noch in BF’er dy’t krekt even te sjen wêze sil, is Pyt Paulusma. Mei rjocht en reden in waarprofeet, sille wy mar sizze. Roel van Velzen is in lytse Judas en de ferteller is kaberetier Remco Veldhuis. In man dy’t seit: ‘Ik ben niet gelovig, maar troost me met de gedachte dat er iets is’. In typysk Nederlânske hâlding, it wisse foar it ûnwisse, in útspraak ek fan in strieljend opportunisme dy’t past yn de glitter en glamour fan it mediaspektakel dat The Passion is.
Want dat is it. Edelkitsj. Te ferlykjen mei dat oare fenomeen, it Eurovisiesongfestival. Dat sis ik net samar, want ik wit dat der groepen minsken byinoar komme om de hiele útstjoering fan kommintaar te foarsjen, op de bank en mei sjips en bier yn de oanslach. It lijensferhaal anno 2017. Ik kin my bêst yntinke dat in protte kristenen dêr muoite mei ha. Dat in barren dat se as essinsjeel en fan de grutst mooglike betsjutting achtsje, sa te grabbel smiten wurdt, skeind en bedoarn. Eardere opfierings wiene ommers fan in yntellektuele leechte dêr’t in kosmysk swart gat noch fol by like.
It is ek mar te hoopjen foar dizze edysje dat der net in Bekende Nederlanner krekt fantefoaren dea giet, sa’t foarich jier it gefal wie. Doe luts de edysje yn Amersfoort behoarlik minder sjoggers, wat nei alle gedachten kaam troch it ferstjerren fan Johan Cruijff, iroanysk genôch de Verlosser neamd…
Hawar, sa betreklik is it blykber, sa plat en baatsuchtich. It is te let om de Farizeeërs de timpel út te reagjen, dus bliuwt my oars neat as om Elske súkses te winskjen. Sy wurdt sûnder mis de bêst sjongende Maria oait. En Pyt? Ik hoopje dat Pyt ‘Oant moarn’ sizze sil. Liket my hiel tapaslik…"
Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.