Brân yn skuorre yn Driezum

De brânwacht fan Damwâld is tiisdeitemoarn ier en betiid oproppen foar in brân yn in skuorre oan de Van Sytzamawei yn Driezum. Yn de skuorre stiene trije skiep en seis lamkes, dy ha de brân net oerlibbe. By de brân kaam in soad reek en ek asbest frij. Het is no noch net dúdlik oft it asbest bot ferspraat is. As it nedich is sille de buertbewenners ynformearre wurde.
Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.