Mear gearwurking ûndernimmers De Alde Feanen

"Undernimmers út De Alde Feanen moatte inoar ûnderling noch mear stypje en ynsprirearje. Dêr wurde alle partijen better fan." Dat stelt ûndernimmer Jacob Nauta fan De Wartenster. Hy is ien fan de dielnimmers oan de saneamde 'netwurk-gearkomste' dy't moandei yn Earnewâld holden is.
Nasjonaal Park De Alde Feanen makket neffens secretaris John Haitsma kwa besikers in 'gestage groei' troch. Foar takom jier, mei KH2018 op it programma, ferwachtet Haitsma dat dy groei sterker trochset.