"Rechtbank moet sterk geworteld zijn in de provincie"

De rjochtbank moat sterk woartele wêze yn de provinsje, seit Maria van de Schepop, sûnt 1 april de nije rjochtbank-presidint Noard-Nederlân. Gearfoeging fan Justysje yn de stêd Grins beskôget se as 'geen issue'. It giet neffens Van de Schepop om in grut gebiet wêryn't it belangryk is dat de rjochtbank goed sichtber is. Mei fêstigingen yn Assen, Ljouwert en Grins is dat ek sa. De nije rjochtbank-presidint is dan ek wiis mei de pilots 'fideo-rjochter' en 'sprekoere-rjochter' dy't hjir rinne. "En hier geldt zeker dat 1+1+1 meer is dan 3."