Kânsleas ferlies ONS Snits tsjin IJsselmeervogels

It is ONS Snits net slagge punten te pakken tsjin koprinner IJsselmeervogels. Se giene sneontemiddei thús mei 4-1 kânsleas ûnderút tsjin de gasten út Spakenburg, dy't ûnder lieding stean fan âld-Cambuur- en ONS spiler Sandor van der Heide. It is it earste ferlies foar ONS op it eigen Sudersportpark yn Snits sûnt 8 oktober.
De Snitsers brutsen de skoare iepen troch in goal fan Iloba Achuna, mar IJsselmeervogels liet dêrnei sjen wêrom't it boppe-oan stiet yn de sneons tredde difyzje. Ali Akla en Berry Powel soargen noch foar it skoft foar in 2-1 foarsprong foar IJsselmeervogels en nei it skoft waard dy foarsprong útboud troch noch twa doelpunten fan Powel.
ONS stiet no op it tolfde plak mei 39 punten.