Dichtrigel fan Tsjêbbe Hettinga op kademuorre Burchwert

07 apr 2017 - 20:18

Op de renovearre kademuorre yn Burchwert is freedtemiddei in dichtrigel fan Tsjêbbe Hettinga ûntbleate. It giet om de regel 'Jonge, lytse jonge, rop my, rop my werom, werom'. De hanneling waard ferrjochte troch wethâlder Mirjam Bakker en neiste famyljeleden fan de bline dichter. Hettinga, hikke en tein yn Burchwert, ferstoar yn 2013 op 64-jierrige leeftiid.

Hy krige foar syn wurk talleaze prizen, lykas yn 2001 de Gysbert Japicxpriis foar de bondel 'Fan oer see en fierder'. Ek wûn hy trije kear de Rely Jorritsmapriis. Hettinga syn wurk is oerset yn it Hollânsk, Ingelsk, Dútsk, Frânsk en Spaansk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)