Undersyk nei komposytbrêge Ritsumasyl offisjeel begongen

Geert Takke (Infra Composites), Michiel Schrier (provinsje) en Eric Poel (Reef/Jansen © provinsje Fryslân
Oannimmerskombinaasje Reef/Jansen Venneboer en komposytprodusint Infra Composites sille de mooglikheden fan in fytsbrêge fan natuerlik materiaal by Ritsumasyl ûndersykje. De start fan dat ûndersyk wie freed. Sa'n beweechbere komposytbrêge is noch net earder makke. It materiaal is nij en noch hielendal yn ûntwikkeling. It bouteam nimt dêrom in jier om it te ûndersykjen.
De opdracht dêrfoar komt fan de provinsje Fryslân en it ûndersyk wurdt dien yn gearwurking mei it bedriuwslibben en studinten fan Stenden en de TU Delft. Depurearre Michiel Schrier: “Voor de provincie betekent dit een nieuw, uitdagend en spannend proces dat geheel past in onze ambitie ten aanzien van Circulaire Economie."
Hars en tried
Biobased komposyt is in nij boumateriaal makke fan natuerlik hars en tried. Oant no ta waard faak in kombinaajse brûkt fan 80% bio-tried en 20% glêstried. Der is noch gjin brêge yn ‘e wrâld fan 100% biobased komposyt. It bouteam hat as ambysje om de earste brêge te bouwen dy’t hielandal bestiet út natuerlik werbrûkt boumateriaal. Yn de ûndersyksfaze wurdt ûnder oare de gearstalling fan it materiaal testen, it moat de goede sterkte hâlde en ek lang genôch meigean. It ûntwerp fan de brêge yn Ritsumasyl ûntstiet yn de ûndersyksfaze en is dus ôfhinklik fan it boumateriaal.
Planning
Ein 2017 leveret it bouteam in rapportaazje op mei de mooglikheden foar sa’n brêge oer it kanaal by Ritsumasyl. Deputearre Steaten beslute úteinlik oft de bou fan de brêge trochgiet. De bou soe begjinne kinne yn 2018.