Bliuwt waarnimmend boargemaster Schokker op Flylân?

Tineke Schokker-Strampel © Gemeente Flylân
De fertrouwenskommisje dy't him op Flylân dwaande hâldt mei de syktocht nei in nije boargemaster freget waarnimmend boargemaster Tineke Schokker mei klam op dy funksje te sollisitearjen. Yn dy fertrouwenskommisje sitte de trije fraksjefoarsitters út de gemeenteried fan Flylân. Schokker is al waarnimmer op Flylân sûnt april 2015. Sy joech sels al oan, dat sy graach sollisitearje wol as de gemeenteried wol dat sy dat docht. De gemeenteried fan Flylân stelt op 20 april de profylskets foar de nije boargemaster offisjeel fêst.