Menameradiel nimt mei temajier ôfskied fan selsstannichheid

It gemeentehûs fan de gemeente Menameradiel © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De gemeente Menameradiel wol de kommende moannen op in feestlike wize ôfskied nimme fan har selsstannichheid. Op 1 jannewaris 2018 sil de gemeente fusearje mei Frjentsjerteradiel, Littenseradiel en It Bilt. Sa ûntstiet de nije gemeente Waadhoeke.
It temajier hat de namme 'Us Jier' krigen en der sille ferskate eveneminten organisearre wurde, lykas tentoanstellingen, in teäterspektakel en in kuiertocht mei trije ôfstannen. Ek sil der socht wurde nei ferhalen oer Menameradiel, om se dan fêst te lizzen foar de takomst.