Kolleezje wol toch jild jaan oan Theater de Koornbeurs

De Koornbeurs © Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders stelt de gemeenteried foar om Theater de Koornbeurs noch ien kear 53.000 euro te jaan. Dit foarstel wurdt tongersdeitejûn yn de riedskommisje bepraten. De Koornbeurs hat de gemeente witte litten dat se it net oprêde, ek al hawwe se in grut tal ferbetteringen trochfierd. De eksploitaasje rint net goed, se ferwachtsje sawol foar it rinnende as it kommende seizoen in tekoart dat se sels net opfange kinne.
De ried hat earder besletten dat der gjin gemeentejild mear gean mei nei it teäter. Takom jier giet Frjentsjerteradiel op yn de nije gemeente Waadhoeke, dy mei him der dan fierder oer bûge.