De 100 moaiste objekten fan Fryslân

06 apr 2017 - 13:49

Omrop Fryslân, de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd komme mei in ferkiezing foar de hûndert moaiste objekten yn Fryslân. It projekt mei de namme 'Moaiste fan Fryslân' wurdt no moandei offisjeel presintearre. De Friezen kinne plakken, gebouwen, objekten, ikoanen, ensafuorthinne oandrage wêrfan't sy fine dat dy op de list komme moatte. Dat kin oant en mei 18 maaie. 

TV-rige

In sjuery hat sels al in eigen seleksje makke fan de 50 moaiste objekten. De oare 50 wurde troch it publyk nominearre. Sa ûnstiet der in list fan hûndert moaiste gebouwen en plakken. Omrop Fryslân stjoert fan septimber ôf in rige út wêryn't it 'Moaiste fan Fryslân' sjen litten wurdt. Yn in spesjale útstjoering fan Fryslân Hjoed wurdt de winner bekend makke.

De Ljouwerter Krante en it Frysk Deibled komme mei in rige oer bysûndere nominaasjes. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)