B. en w. Hearrenfean wist yn 2012 net fan de gaswinning

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Hearrenfean ûntkent dat se al yn 2012 op de hichte wiene fan de gaswinning ûnder De Knipe en Oranjewâld. Dy konklúzje koe lutsen wurde út de reaksje fan it ministearje fan Ekonomyske Saken. Neffens it kolleezje gie it yn 2012 om de oanfraach foar in fergunning foar it pleatsen fan in boarput yn de gemeente Opsterlân. Dy fergunning joech gjin tastimming om gas te winnen en seit ek neat oer it plak fan de gasfjilden. Yn de hjerst fan 2014 kaam de gemeente te witten dat der gas siet ûnder De Knipe en Oranjewâld.
De minister beantwurdet ek net alle fragen fan de gemeente Hearrenfean, der wurdt bygelyks gjin antwurd jûn op de fraach oft gaswinning fanút Langsweagen op dizze manier, sûnder jildich winningsplan, dien wurde mei. It kolleezje freget him ôf wat de mearwearde is fan it advysrjocht foar de gemeente. Neffens wethâlder Siebren Siebenga fielt it no as in lege huls.