VVD wol dat regionale en Europeeske regelingen oanslute

Euro(pa) © ANP XTRA
De VVD yn Provinsjale Steaten wol dat provinsjale en regionale regelingen better oanslute by Europeeske regeljouwing, sadat Fryske bedriuwen harren produkten makliker ûntwikkelje kinne en ek echt op de merk bringe kinne. De fraksje hat hjir fragen oer steld oan it kolleezje fan Deputearre Steaten.
Der is Europeeske subsydzje om prosessen yn it midden- en lytsbedriuw te fernijen, mar yn de faze fan de produktûntwikkeling en de yntroduksje op de merk giet it noch hiel faak mis. Op nasjonaal en regionaal nivo wurde de stúdzjes dy't mei Europeesk jild dien wurde, net akseptearre en dan moatte de bedriuwen opnij begjinne. As de regelingen better op elkoar oanslute, wurdt dat foarkommen.