Protte reek by wenningbrân yn Haulerwyk
Der is tongersdeitemoarn brân útbrutsen yn in wenning oan de Dominee Groot-Nibbelinkstraat yn Haulerwyk. It fjoer ûntstie om tsien oere hinne. De brânwacht is útriden mei twa blusweinen en nei sa'n trije kertier blussen waard it sein brân master jûn.
De wenning stiet fol reek en wurdt fentilearre.