MCL krijt flugger ynternet: handich foar technisy en pasjint

De man wurke yn it MCL yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Pasjinten en besikers fan it sikehûs MCL yn Ljouwert kinne healwei dit jier makliker en flugger it ynternet op, troch oanpassingen oan it kompjûternetwurk. Op dit stuit wurdt de hiele digitale ynfrastruktuer fan it sikehûs ferfongen. De oanpassing is yn it foarste plak bedoeld foar de ferbiningen fan de apparatuer fan it sikhûs sels. Alle pasjinteynformaasje yn it MCL is earder al digitalisearre.
De fernijing jout ek nije mooglikheden. Guon medyske apparaten kinne aanst op ôfstân folge wurde. As in apparaat ûnderhâld nedich hat, hoege de technisy net mear alle gongen troch om te sjen wêr't it stiet. It wurk oan it kompjûternetwurk wurdt fral nachts dien. Dêrtroch sille de pasjinten der net folle fan fernimme. Ein dit jier moat it wurk klear wêze.