Greg Shapiro komt nei Bogerman yn Koudum
De Amerikaansk-Nederlânske stand-up comedian Greg Shapiro komt nei skoalmienskip Bogerman yn Koudum. Hy komt del yn it ramt fan de High School Tour. De opset liket op dy fan College Tour op telefyzje. De bern moatte har goed tariede en yn har bêste Ingelsk fragen stelle oan Shapiro.
Shapiro is fral bekend as nijslêzer yn Comedy Central News. Hy die ek de imitaasje fan Donald Trump by it filmke fan it programma Zondag met Lubach, dat oer de hiele wrâld miljoenen kearen besjoen waard.
De High School Tour yn Koudum is tiisdei 11 april.