FIDEO: Fleur op 'e Flecht, in ferhaal oer hoop

De dokumintêre 'Fleur op 'e Flecht' is in ferhaal oer hoop. Yn de film fertelle asylsikersbern yn har eigen taal oer de ferskriklike dingen dy't se meimakke ha op har flecht nei it feilige Nederlân, mar se dreame ek fan in moaie takomst. Dat smyt yndrukwekkende ferhalen op fan Zuhal, Donya en Ahmad.
De Afgaanske filmmakster Alka Sadat en Piter Tjeerdsma binne de makkers fan de film. It idee foar de film kaam fan Sadat. Har man, ek in Afgaan, is kameraman.
De Fryslân Dok Fleur op 'e flecht wurdt sneon om 15.30 oere útstjoerd op NPO 2 en snein fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân telefyzje.