Frjentsjer Europeeske stêd fan de reformaasje

© Omrop Fryslân, Maaike van Dijk
Frjentsjer is tenei Europeeske stêd fan de reformaasje. De titel is takend troch de 'Community of Protestant Churches in Europe' dat yn Wenen sit. Frjentsjer is neist Gennep en Woerden de tredde Nederlânske stêd dy't de titel fiere mei. Yn totaal hawwe 96 stêden, ferspraat oer 17 lannen, de titel krigen.
Frjentsjer spile in wichtige rol yn de skiednis fan de reformaasje. De beweging hie in sintrum yn de stêd en de universiteit yn Frjentsjer spile in belangrike rol by de oplieding fan studinten dy't dêr feilich teology studearje koene.