Printbedriuw Probo út Dokkum is ûndernimming fan it jier

Printbedriuw Probo út Dokkum is útroppen ta Fryske Undernimming fan it Jier. De priisútrikking wie tiisdeitejûn by ambulânsebedriuw Kijlstra yn Drachten. Njonken Proboprint wiene ek boubedriuw Lont út Sint-Anne en doarrebouwer Van Vuuren út Grou nominearre foar de titel. De trije nominearren moasten harren foar in sjuery presintearje. Hjirby moasten ek krityske fragen beäntwurde wurde. De sjuery hie earder ek al de bedriuwen besocht om te sjen hoe't it der krekt oan ta giet op de wurkflier.
De sjuery fan dit jier bestie út ûndernimmer Thecla Bodewes, ûndernimmer Jetze Botma, de winner fan ferline jier Emile Stuy en deputearre Sander de Rouwe.
"Probo tart alle wetten van de krimpregio", wie it oardiel fan de sjuery. Dy wie foaral te sprekken oer de oanpak fan Probo om klanten te trainen yn harren kommersjele feardichheden. Fierder sei de sjuery: "Centraal in de organisatie staan knappe koppen gecombineerd met gouden handjes."