Antea Group makket ûntwerp foar brêge yn Sily

De Antea Group fan It Hearrenfean sil mei syn Sileenske partner LEN & Asociados in ûntwerp meitsje foar in nije brêge yn Sily. De bou fan de brêge oer de rivier de Cau Cau is seis jier lyn al begûn, mar de brêge is fanwege technyske problemen nea yn gebrûk naam. Sa slute de twa stikken fan de beweechbere brêge net goed op elkoar oan.
It Ministearje fan Iepenbiere Wurken hat in tal lokale yngenieursburo's selektearre om yn te skriuwen op it wurk. Betingst wie dat se dat tegearre mei in spesjalisearre buro út it bûtenlân dwaan soene. Dat is dus de Antea Group, it eardere yngenieursburo Oranjewoud.