Relaasje tusken gebrûk ynhalator en oergewicht

Froulju dy't ynhalators brûke foar longproblemen ha in gruttere kâns op oergewicht en oare sûnensproblemen. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it Erasmus Medisch Centrum. It ûndersyk is dien mei gegevens fan 140.000 minsken út Fryslân, Grinslân en Drinte dy't meidogge oan it befolkingsûndersyk Lifelines.
It giet om puffers dêr't kortikosteroïden yn sitte. Dat binne hormoanen dy't brûkt wurde om ûntstekkingen te remjen of genêzen.
Ien op de tsien dielnimmers fan it ûndersyk brûkt dizze medisinen. Mar foaral by froulju sjogge de ûndersikers in relaasje mei in hegere BMI, búkomfang en bloeddruk. Ek by manlju soe dit it gefal wêze, mar is der in minder sterk ferbân.
Dit is de earste kear dat dit ferbân lein wurdt en sûnder de data fan Lifelines wie it net slagge. Professor dr. Liesbeth van Rossum, ûndersiker fan it Erasmus MC: "De data van Lifelines zijn erg gedetailleerd en worden over een langere tijd verzameld. Dit zorgt ervoor dat we makkelijker verbanden kunnen leggen en daardoor zijn dit soort onderzoeken mogelijk."
Lifelines hat sa'n 167.000 dielnimmers dy't al tsien jier folge wurde. Friezen ha hjir it grutste oandiel yn: 65.000. Op dit stuit sitte se yn de twadde ûndersyksfaze, mar de takomst fan Lifelines is net wis. Der moat besunige wurde want de 106 miljoen euro subsydzje, dy't se yn 2006 krigen, is op.
Yn Fryslân Hjoed tiisdei in petear mei direktrise Saakje Mulder fan Lifelines oer de takomst fan it befolkingsûndersyk.