Strjitmakker mei GHB moat trije wiken de sel yn

Ghb © ANP XTRA
In strjitmakker dy't ferline jier yn oktober oanhâlden waard yn Drachtsterkompenije mei GHB yn 'e bûse, moat trije wiken de sel yn. De 26-jierrige man út Grootegast hie hast 160 gram GHB by him. De partydrug kocht er fan in groepke minsken op strjitte. De man is al folle faker feroardiele foar it hawwen fan drugs. Sa moast er yn desimber in boete fan 650 euro betelje en hat er ek alris in wurkstraf hân.
Op it stuit hat er in baan as strjitmakker, mar dat fûn de plysjerjochter gjin reden om him net de finzenis yn te stjoeren. Neffens har wie in selstraf noch de iennichste opsje.