Man krijt straf ûnder betingst foar stellerij

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In man fan 73 jier dy't yn it AZC fan Burgum wennet, hat in wike finzenisstraf ûnder betingst krigen, omdat er iten stellen hie by in supermerk yn it doarp. In meiwurker fan de winkel hie sjoen dat de man fleis, fisk en pizza's ûnder syn jas stoppe. By de kassa rekkene er allinne fjouwer blikjes kola ôf. Tsjin de rjochter sei de man dat er der yn de winkel achter kaam dat er net genôch jild by him hie foar alle boadskippen. Omdat de man kwealik sinten hat, joech de rjochter him in selstraf ûnder betingst op, yn stee fan in boete.