Studinten Friesland College krije les fan topkoks

Studinten fan de middelbere hotelskoalle fan it Friesland College krije fan takom skoaljier ôf les fan topkoks. De koks binne ferbûn oan Ducasse Education, dat oprjochte is troch de Frânske topkok Alain Ducasse. Se jouwe masterclasses oan studinten dy't spesjalistyske opliedingen folgje, lykas spesjalisearre kok of patissier. De fraach nei soksoarte koks wurdt hieltyd grutter en it Friesland College wol dêr op ynspylje.