Grienmeiwurkers fan Caparis yn tsjinst fan gemeente

35 Grienmeiwurkers fan sosjaal wurkbedriuw Caparis binne fan moandei ôf oan it wurk by de gemeente Weststellingwerf. Ek Eaststellingwerf, Achtkarspelen en Ljouwert ha de grienmeiwurkers fan Caparis yn tsjinst naam. De fjouwer oare gemeenten dy't dielnimme yn Caparis binne sa fier noch net, mar de ferwachting is wol dat dy yn de rin fan dit jier folgje. De meiwurkers yn tsjinst fan Weststellingwerf ferhúzje oer in jier nei de gemeentewerf, dêr't boud wurdt oan in nij ûnderkommen.