Twa oanhâldingen yn ferbân mei dongstoffraude

© ANP
De plysje hat moandeitemoarn twa fertochten oppakt op fertinking fan fraude mei dongstoffen. It giet om in 32-jierrige man út de gemeente Littenseradiel en in 55-jierrige man út de gemeente Tytsjerksteradiel.
De oanhâldingen binne it resultaat fan in al langer rinnend ûndersyk fan de plysje Noard-Nederlân en de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA). By it twatal waard earder dit jier it hûs trochsocht.