71 eineksamenkandidaten Frysk

15 maaie 2013 - 17:30
  • It Frysk wurdboek

Foar it earst yn jierren hoegden learlingen dy't it fak Frysk folgje net mear te wachtsjen oant de lêste dei fan de eksamenperioade om eksamen te dwaan. Al op de tredde dei fan de eksamens makken 71 kandidaten it sintraal eineksamen yn de Fryske taal. Op it Ljouwerter lyseum wiene dat der tsien. Neffens Omrop-ferslachjouwer Geale Groen krigen de kandidaten it net kado.

33 vmbo'ers, 16 hafisten en 22 vwo'ers diene woansdei eineksamen Frysk. De belangstelling foar it fak hâldt de lêste jierren net oer.

Mar neffens de dosinten binne jongeren mei dizze saneamde 'ympopulêre taal' op har cv krekt yn it foardiel. Foaral by it sollisitearjen nei in baan yn de soarch of yn de hoareka wurdt in goeie behearsking fan it Frysk wurdearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)