Grou krijt wettertaksy mei 24-oers service

wettertaksy Cornelia Clasina
Grou krijt fan 14 april ôf in wettertaksy dy't dei en nacht beskikber is. Passazjiers kinne dan maklik fan en nei alle restaurants ferfierd wurde. De wettertaksy hat plak foar tolve minsken en der binne tsien opstapplakken. It giet om in inisjatyf fan Tienstra Nautische Dienstverlening foar toeristen, bewenners fan Grou en it eilân De Burd.
Neffens direkteur Anne Tienstra is der ferlet fan de 24-oers wettertaksy. "Veel toeristen komen naar Grou voor het water, maar krijgen vaak niet de mogelijkheid om het dorp vanaf het water te bewonderen."