Streppel: "Donderen? Dat gaan we dinsdag tegen Sparta doen"

Trainer Jurgen Streppel hat gjin donderdpreek hâlden yn it skoft fan de wedstriid tusken Heracles en SC Hearrenfean: "Dat donderen gaan we hopelijk a.s. dinsdag tegen Sparta doen. Als je bij rust met 4-1 achterstaat is het juist belangrijk om bij elkaar te blijven".
En it begong allegear sa goed yn Almelo. SC Hearrenfean stie al gau mei 1-0 foar troch in penalty, mar yn in sucht stiene se ek wer mei 2-1 achter. "We staan centraal achterin te vaak niet goed. Dan staan we te dicht bij elkaar en worden er onnodige overtredingen gemaakt."
De frije trapen dy't dat opsmiet, giene der yn Almelo fantastysk yn. Neffens Streppel is it probleem dat der noch te faak deselde flaters makke wurde. Dat proses fan ferbettering ferrint te traach.
Reade kaart St. Juste
De twadde giele kaart foar St. Juste betsjutte dat SC Hearrenfean mei 10 man fierder moast. "Dat was geen handige overtreding en dan moet je met 10 man verder op kunstgras, dat maakt het extra lastig." Doe't krekt foar rêst ek noch de 4-1 foel, wie der foar de Feansters net folle mear te heljen. Yn de twadde helte wie it saak om de skea net grutter wurde te litten.
Kin SC Hearrenfean noch wol goed fuotbalje?
By de winterstop stie SC Hearrenfean noch op it fjirde plak, mar dêrnei slagget it net om de punten te pakken. Toch fynt trainer Streppel dat syn ploech noch hieltyd goed fuotbalje kin: "De wedstrijd tegen Feyenoord hebben we dat laten zien en ook de start tegen Heracles was prima. Het gaat erom dat we als team veel te makkelijk doelpunten incasseren, dat moet beter."Dat sille se kommende tiisdei yn de thúswedstriid tsjin Sparta sjen litte moatte.