Fertocht fan scooterstellerij en trochriden nei oanriding

Oanhâlding © ANP
In 25-jierrige scooterrider fan De Gordyk is freedtejûn oanhâlden nei in koarte efterfolging. Neffens de plysje ried de man op in stellen scooter en wie er belutsen by in oanriding tusken twa scooters en in auto op de Hendrik Rignoldusstrjitte op De Gordyk. Nei de oanriding ûntstie rûzje tusken de belutsenen en soene de scooterbestjoerders tsjin de auto skopt ha. Dêrnei naaiden sy út. De automobilist makke in foto fan it duo en oan de hân dêrfan kaam de plysje de 25-jierrige op it spoar.
De scooter hie gjin kentekenplaat en der wie knoeid mei it sjassynûmer, dêrom tinkt de plysje dat er stellen is en hat him yn beslach naam. De plysje wit yntusken ek wa't de oare scooterrider is en giet fierder mei it ûndersyk. De Gordykster sit noch fêst foar ferhoar.