Heechleararen wolle strafsaak Murkje de Vries opnij dwaan

De strafsaak yn de moard op Murkje de Vries troch Ids Idsardi moat opnij dien wurde. Dat stelle twa heechleararen yn de Volkskrante. Der soene krúsjale flaters makke wêze yn de saak, sa stelle de heechleararen. Heechlearaar Robbert-Jan Verkes fan de Radboud Universiteit hat Idsardi ûndersocht en konkludearret dat er mei dúdlike stimmingswikselingen reagearret op antydepressiva. De heechlearaar ûndersiket dêrom de mooglikheid om de strafsaak wer iepen te krijen en krijt stipe fan klinysk farmakolooch Anton Loonen.
Yn 2008 waard Murkje de Vries deasketten yn har wenplak Koatstertille troch Ids Idsardi. Dy waard dêrfoar feroardiele ta 24 jier sel. Syn advokaat hat altyd sein dat der gjin sprake wie fan opset, omdat Idsardi ûnder ynfloed wie fan alkohol en antydepressiva. Mar de rjochters giene dêr net yn mei. En ek yn heger berop waard dit ôfwiisd.