Ferskate boetes by kontrôles op It Hearrenfean

(foto as yllustraasje) © ANP
De plysje fan It Hearrenfean hat freed op ferskate plakken kontrôles hâlden. Twa bestjoerders waarden bekeurd foar snelheidsoertredings. Sy rieden beide goed 20 kilometer te hurd en krigen in boete fan 239 euro. In man út Noard-Hollân hie tefolle dronken en krige in bekeuring fan 425 euro en fjouwer moanne rydûntsizzing. In man út Weststellingwerf krige in boete fan 325 euro, omdat er mei drank op achter it stjoer siet.
Oan de Tolhúswei waarden 150 bestjoerders kontrolearre, mar dêr ried net ien te hurd.