Hieltyd minder wennings te besjen op Iepen Hûzen Dei

Der dogge hieltyd minder wenningen mei oan de NVM Iepen Hûzen Dei. Lanlik sjoen kinne minsken hjoed by sa'n 22.000 hûzen sûnder ôfspraak binnen sjen. Dat is in stik minder as op de lêste Iepen Hûzen Dei yn oktober, doe't der noch 29.000 wennings meidiene. Yn Fryslân iepenje 1100 hûzen hjoed harren doarren. Dat der hieltyd minder hûzen meidogge oan de iepen dei komt foar in part troch de oanlûkende wenningmarkt. Dêrtroch stean der in stik minder hûzen te keap.
"Sûnt 2013 is der in opgeande line yn de ferkeapsifers", fertelt Albrecht Kok, foarsitter fan NVM Fryslân. "Dat komt troch de oanlûkende ekonomy, de lege rinte en it tanimmende fertrouwen. De ferkeap fan wennings is dêrtroch flink tanaam. It oanbod is mei mar leafst 35 oant 40 prosint nei ûnderen gong."