IIsspeedway: Reitsma bûten top tsien, Tuinstra útskeakele

By de earste iisspeedwaywedstriden yn Thialf is Simon Reitsma fan Sint-Anne 13e/14e wurden by de Roelof Thijs Bokaal. Jimmy Tuinstra fan Tsjummearum waard nei twa heats al útskeakele en einige as 21e/22e. De earste priis waard wûn troch de Rus Eduard Krysov. Der diene 24 koereurs mei út tsien lannen. Bêste Nederlanner wie Jasper Iwema mei in 11e/12e plak. De fjirde Nederlanner dy't meidie, Bart Schaap, waard ek 11e/12e.
Earste kear
Jimmy Tuinstra is 16 jier en die foar it earst mei. Syn heit Johnny wie jierrenlang de bêste iisspeedwayer fan Nederlân. Tuinstra junior gong yn de earste race goed fan start, mar yn de twadde ronde gong hy ûnderút. Yn de twadde heat waard hy tredde en wie hy fuort útskeakele. "Hier doe je het allemaal voor. En dan dit. Dit is zo balen. Ik ben eerst een half uur de stad ingegaan met oordopjes in. Ik moest het echt even van me afzetten."
Teloarstelling
Reitsma knokte him troch it toernoai hinne, mar yn de fyfde race waard hy tredde en útskeakele. "Ik hie op in finaleplak hope, dus dit is wol in flinke teloarstelling. Gelokkich mei ik moarn wer." Reitsma is 46 jier en begûn pas op syn 40e mei iisspeedway. Hy rydt no op de motor fan Tjitte Bootsma, de âld-speedwayer dy't yn 2012 ferstoar.
Wildcard
De Roelof Thijs Bokaal is ferneamd nei de bêste iisspeedway-koereur dy't Nederlân hân hat. Hy waard yn 1984 fyfde op it WK. De sport is foaral populêr yn Ruslân. Dêr kinne de koereurs it hiele jier troch race op natueriis. Sneon en snein binne der ek noch wedstriden yn Thialf. Dan wurde der WK-wedstriden hâlden. Dêr docht Simon Reitsma ek oan mei. Hy hat in wildcard krigen.
Der wiene freed sa'n achttûzen taskôgers yn Thialf. Oars binne de wedstriden altyd yn Assen, mar omdat de iisbaan dêr ticht is, is it iisspeedway no trije jier lang op It Hearrenfean.