Soarchdirekteur Jan Veenstra fan Hof en Hiem krijt lintsje

Jan Veenstra tusken de bewenners fan wensoarchsintrum Suderigge
Direkteur Jan Veenstra fan soarchgroep Hof en Hiem yn Sint-Nyk hat freedtejûn in keninklike ûnderskieding krigen út hannen fan boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren. Jan Veenstra waard beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau en krige it lintsje op it 25-jierrich jubileumfeest fan de soarchgroep. Hy wie sûnt 1990 oant begjin dizze moanne direkteur-bestjoerder by Hof en Hiem. Fierder hat er troch de jierren in soad frijwilligerswurk dien foar âlderen en handicapten yn Roemenië en Sry Lanka.