Fertikale fideo is 1 april-grap, mar wol mei boadskip

“Omrop Fryslân giet oer op fertikale fideo”, sa kundige de omrop twa dagen lyn oan. It boadskip wie helder: omdat hieltyd mear minsken de útstjoerings en reportaazjes besjogge op mobile apparaten, lykas in tablet of mobile telefoan, is der besletten tenei op sneon fertikaal út te stjoeren. “We ha ûndersyk dien ûnder ús publyk en dêrút blykt dat hjir hieltyd mear ferlet fan is. Dêrom ha we besletten hjir op yn te spyljen”, sei Douwe Boersma, einredakteur online. En it soe begjinne op 1 april...
It soarge foar in soad reaksjes op sosjale media. De measten hiene al gau troch dat it om in grap gie, mar net elkenien. Yn it telefyzjeprogramma Pauw wie koart omtinken foar dit ‘revolusjonêre’ idee út Fryslân. En ek in Dútsk mediabedriuw skreau deroer op Twitter.
De telefyzjes yn Fryslân binne dan noch net massaal in kwartslach draaid, mar de grap hat wol in boadskip yn him, fertelt einredakteur online Douwe Boersma. “Wy krije alle dagen foto’s en filmkes tastjoerd fan sjoggers, harkers en ynternetbesikers. Lykas in eigen momint foar Hea! Dêr binne we fansels hiel bliid mei, mar hjir sitte wol gauris filmkes en foto’s tusken dy’t fertikaal binne. En dat makket it dreech om se te brûken op telefyzje of ynternet. En dat is spitich.” Boersma ropt dan ek op om de mobile telefoan horizontaal te hâlden. “Dan binne de bylden folle better te sjen op tv en de tablet.”
“Die Friezen zijn soms echt gek, Stappen met opzet over op VVS!”, is in reaksje op Facebook. VVS is in bekend begryp yn de mediawrâld. It stiet foar ‘Vertical Video Syndrome’. “Mei dizze grap hoopje we VVS yn Fryslân te bestriden,” grapt Douwe Boersma.
Foar minsken dy’t it noch net hielendal begripe: op YouTube stiet in hilarysk filmke oer VVS.