Wetterplysje hâldt foarearst op mei aksjefieren

Wetterplysje (argyffoto) © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
De wetterplysje is foarearst ophâlden mei aksjefieren. De ôfrûne twa wiken giene de boaten it wetter net mear op, omdat de wetterplysje fûn dat der te min minsken yn tsjinst binne om it wurk goed te dwaan. Neffens de aksjefierders is de plysjelieding op de easken yngien: der komme mear minsken op de boaten en der wurdt minder strak fêsthâlden oan it budzjet. De wetterplysje hâldt noch wol in slach om de earm, omdat korpssjef Akerboom noch akkoart gean moat mei de ekstra minsken op de boaten.