Teäterlessen op It Bilt oer omslingerjend ôffal

Bern by in eardere aksje fan Samen Fryslân Schoon © samenfryslanschoon.frl
Learlingen fan twa basisskoallen op It Bilt krije spesjale teäterlessen oer omslingerjend smoargens. It swalkôffalteäter wurdt tagelyk mei de Himmelwike hâlden. Dan binne bern de smoargens oan it oprêden.
Troch de teäterlessen leare se wêrom't it belangryk is om omslingerjend smoargens foar te kommen. De bern krije in kwis, opdrachten en fragen en leare sa om gjin rommel fuort te smiten en op te rêden as der al wat leit.
De teäterlessen binne ûnderdiel fan 'Samen Fryslân Schoon'. Dat is in inisjatyf om op in positive wize mei ynwenners fan gemeenten swalkôffal tsjin te gean. It is in gearwurking fan de gemeenten It Bilt, Harns, Frjentsjerteradiel, Ljouwerteradiel, Littenseradiel en Menameradiel en wurdt útfierd troch de Friese Milieuw Federatie mei stipe fan Omrin en IVN.