Sa fielt it om slachtoffer fan minskehannel te wêzen

Yn it sintrum fan Ljouwert kinne minsken tsien minuten lang ferpleatse yn de wrâld fan in slachtoffer fan minskehannel. It Centrum tegen kinderhandel en mensenhandel hat dêr in mobile escaperoom delset. Dy is ynrjochte as peeskeamer, besikers wurde dêr yn opsletten en moatte mei in soart fan speurtocht ûntsnappe. In spannend spultsje fansels, mar der sit ek in doel achter.
De inisjatyfnimmers wolle dat minsken harren bewust wurde fan it probleem fan minskehannel, dêr by stilstean en oer neitinke.